Orka settele yn Sibrandahûs

01 maaie 2011 - 10:17

De band Orka fan 'e Faroër eilannen hat him sneon ynstallearre yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs. Orka - yn Fryslân bekend as de winner fan Liet Ynternasjonaal - sil dêr de kommende dagen opnamen meitsje foar harren earstfolgjende cd.

De band stiet oan it begjin fan in Europeeske toernee troch Dútslân, Tsjechië, Denemarken, Frankryk en Yslân. Harren earste optredens binne tiisdei yn Sibrandahûs en tongersdei op it befrijingsfestival yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)