Orka noch lang yn Dolfinarium

29 jun 2010 - 19:30
  • Orka Morgan yn de opfang

De orka Morgan moat noch seker trije oant seis moanne yn it dolfinarium fan Hurderwyk bliuwe. De jonge orka waard in wike lyn sjoen op de Waadsee, se wie op dat stuit yn in minne kondysje. Om de jonge orka it libben te rêden waard se doe fongen.

It giet no nei in wike alwer wat better mei Morgan mar neffens deskundigen hat se noch wol te krijen mei in ûntstekking. Ek moat de jonge orka earst noch sa'n lytse 200 kilo oankomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)