Orka Morgan net werom nei see

10 des 2010 - 12:04

De orka Morgan dy't fan 't simmer út de Waadsee rêden waard, kin net weromset wurde yn see. Dat stiet yn in wittenskiplik ûndersyk, dat freed yn it Dolfinarium yn Hurderwyk presentearre is. It is ûndúdlik wêr't de groep, dêr't de orka by hearde, no is. It wyfke kaam wierskynlik út de Noarske see, mar de kâns dat syn bertegroep fûn wurdt, is lyts.

Omdat orka's sosjale bisten binne, kin Morgan wierskynlik ek net yn it Dolfinarium bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)