Orka krijt namme Morgan

24 jun 2010 - 20:06

De orka dy't woansdeitejûn fongen is yn de Waadsee, hat in namme krigen. It dolfinarium yn Hurderwyk hat it bist 'Morgan' neamd. Yn it Skots-Keltisch betsjut dit 'ferbliuw by de see'. Der is keazen foar in Skotse namme omdat de orka nei alle gedachten út de Skotse wetteren komt.

Meiwurkers van it ministearje fan LNV seagen Morgan tiisdei by It Amelân. Nei in rêdingsaksje koe de 3,5 meter lange ferswakte orka fongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)