Oriïntaasjetafel Aldeholtwâlde

23 sep 2007 - 13:02
  • de oanlis fan de tafel (foto: Lenus van der Broek)

Op de hoeke fan de Otterswei en de Brugslootwei yn Aldeholtwâlde komt in oriïntaasjetafel mei swalkkeien út de ien-nei-lêste iistiid. Op de tafel stiet in kaart fan Europa mei dêrop ferwizings nei de swalkkeien, dy't om de tafel hinne lizze.

Ek is te sjen hoe't de stiennen hjir terjochte kommen binne. In amateur-geolooch út Aldeholtpea hat de stiennen útsocht. De tafel komt oan de rûte fan it Jabikspaad te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)