Organisaasjes foar Sintrale As

26 jan 2011 - 07:29

Mear as santich organisaasjes ha in sjenswize ûndertekene foar de Sintrale As. Fiif ûndernimmingsferienings yn Noardeast-Fryslân hawwe it inisjatyf naam foar de mienskiplike fyzje. Sy fine dat de fjouwerbaansdyk fan Dokkum nei Nyegea der perfoarst wol komme moat, want it is goed foar ûnder oare de wurkgelegenheid en de leefberens.

De fyzje sil ynkoarten oanbean wurde oan it kolleezje fan deputearre steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)