Organisaasje provinsje suniger

16 apr 2008 - 11:37

It slagget de provinsje foar 2010 om tsien miljoen euro te besunigjen op de bedriuwsfiering. Om't der no minder amtners wurkje, is de provinsje al 5,5 miljoen euro goedkeaper út. Foar 2010 sille nochris santich minsken mei pinsjoen. Provinsjale Steaten wol dat de organisaasje goedkeaper wurket.

Yn it jierferslach fan 2007 stiet dat de provinsje 484 miljoen euro ynvesteard hat. It measte wie yn ferkear- en ferfiersprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)