Organisaasje neamt twadde edysje Psy-Fi 'grut súkses'

01 sep 2015 - 13:15

As it oan de organisaasje fan it Psy-Fi festival leit dan komt der ek yn 2016 wer in edysje by de Griene Stjer yn Ljouwert. Moandei is it festival offisjeel ôfsletten mei in slotseremoanje. De organisaasje fan Psy-Fi sjocht mei in goed gefoel werom op de ôfrune fiif dagen.

Der binne wol sa'n 200 klachten binnenkaam by ûnder oare de gemeente Ljouwert en de Stichting Groene Ster Duurzaam, mar neffens de organisaasje binne dat der minder as ferline jier. De 15.000 besikers út 84 lannen hawwe in hiel moai festival belibbe.

De gemeente Ljouwert sil de klachten meinimme yn de evaluaasje en yn de maaitiid fan 2016 in beslút nimme oer in mooglik nije fergunning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)