Organisaasje Freule Wommels yn hannen fan nije stichting

21 apr 2016 - 13:46
  • Freule Wommels

In nije stichting is tenei ferantwurdlik foar de organisaasje fan de jongeskeatspartij de Freule yn Wommels. De wichtichste keatswedstriid yn it jier foar jonges tusken de 14 en 16 jier waard oant no ta organisearre troch de keatsferiening fan Wommels. Dy fûn it lykwols hieltyd dreger om dat njonken it gewoane wurk foar de feriening te dwaan.

Op in ekstra ledegearkomste stimde woansdeitejûn trijekwart fan de leden fan de keatsferiening Wommels foar it oprjochtsjen fan de stichting. Ynhâldlik feroaret der neat oan de Freule.

Foar de nije stichting moatte noch wol frijwilligers fûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)