Oreel yn Ljouwert fallyt

16 apr 2005 - 08:53

It Ljouwerter bedriuw Oreel/PME is fallyt ferklearre. 51 Minsken komme op strjitte te stean. Oreel makket ûnder oare elektroanyske ferkearsbuorden.

It bedriuw frege koartlyn útstel fan betelling oan. De bewâldfierder krige doe in moanne de tiid om in oplossing foar Oreel te betinken. Dat is net slagge. Dêrom wie in fallissemint net foar te kommen. It personiel is bot oanslein. Der is net in soad útsjoch op oar wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)