Orca easket jild fan Ljouwert

09 mrt 2004 - 00:00

Swimferiening Orca wol 22.000 euro skeafergoeding hawwe fan 'e gemeente Ljouwert. Orca hat earnstige finansjele problemen krigen troch de sluting fan swimbad it Kealledykje. Orca is 40 persint fan 'e leden kwytrekke, in skeapost fan 18.000 euro. De feriening swimt no tydlik yn Stiens, en ek dat kostet de feriening in soad jild.

Sûnder ekstra jild fan 'e gemeente komt it fuortbestean fan 'e Ljouwerter swimferiening yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)