Oratoriumkoar siket jongeren

07 nov 2007 - 12:54
  • De Oratoriumferiening fan Boalsert is op syk nei stazjêres

De Oratoriumferiening fan Boalsert is op syk nei acht jongeren tusken de 16 en 27 jier dy't staazje rinne wolle by de feriening. De feriening fiert alle jierren foar de Peaske de Matthéus Passion fan Johann Sebastian Bach op.

Om mear jongeren oan te sprekken wol it koar dit kear acht jongeren útnoegje om mei te sjongen. Fierder kinne de jongeren ek ûnderfining opdwaan mei de organisaasje fan it evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)