Oranjewyk striidt fierder

02 okt 2000 - 14:29

Buertbewenners fan 'e Ljouwerter Oranjewyk wolle net meiwurkje oan 'de grutste deiopfang foar dakleazen'. Yn in pamflet stelt de lokale aksjegroep dat Ljouwert mear dakleazen hat as Utrecht.

De gemeente Ljouwert wol de opfang oan 'e Sudergrêftswâl hawwe. In dokter en in antyksaakhâlder drige de wyk te ferlitten. Tongersdei hâldt de gemeente wer in ynformaasjegearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)