Oranjewoud nimt Strukton oer

29 okt 2010 - 21:34

De oername fan spoarbouwer Strukton Groep troch yngenieursburo Oranjewoud út It Hearrenfean is rûn.

De oandielhâlders hawwe freed tastimming jûn foar de oername. Oranjewoud nimt Strukton oer fan de NS. De oername fan 168 miljoen euro moat de posysje fan Oranjewâld op de ynfrastruktuermerk ferbetterje. Strukton is in ûndernimming mei goed 6.000 meiwurkers en in omset fan 1,37 miljard yn 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)