'Oranjewoud' foar 11st. tocht

05 jan 2010 - 20:29
  • Oranjewoud set syn tinkkracht yn foar de alvestêdetocht

Yngenieursburo Oranjewoud hat har meiwurkers frege mei te tinken oer oplossings om in Alvestêdetocht mooglik te meitsjen. Alle tinkkracht moat ynsetten wurde om de snie fan it iis te krijen en te hâlden.

Oranjewoud seit dat it net de yllúzje hat dat it in alvestêdetocht mooglik meitsje kin, mar wol har der wol foar ynsette. Der sil mei de Feriening De Friesche Elf Steden oerlein wurde oft der aanst brûkbere ideeën by sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)