Oranjewâld docht KNKB foarstel

25 mrt 2014 - 05:57

Der hat moandei in petear west tusken it haadbestjoer fan it keatsbûn KNKB en FB Oranjewâld. Dat bedriuw soe foar 4 jier de nije haadsponsor wurde fan de KNKB, mar luts him werom doe't keatsers en keatsteams har bemuoiden mei de ûnderhannelings. No't dy keatsers en keatsteams oanjûn hawwe dat sy FB Oranjewâld graach as haadsponsor hawwe wolle, binne de petearen wer begûn.

FB Oranjewâld hat in nij foarstel dellein by it KNKB. Dy sil dêr op koarte termyn op reagearje. KNKB-foarsitter Sipke Saakstra woe neat kwyt oer de ynhâld fan it foarstel.

Saakstra hopet dat der in nij sponsorkontrakt presintearre wurde kin op de Algemiene Ledegearkomste fan 3 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)