Oranjewâld wol gjin nij Thialf

14 des 2011 - 21:15
  • In skets fan in nij Thialf by it Abe Lenstra Stadion

Oranjewâld ferset him tsjin it plan om in nij Thialf by it Abe Lenstrastadion te bouwen. It moat bliuwe dêr't it no al leit, yn it suden, flakby it treinstasjon. Dat seit Jochem Liemburg. Hy is foarsitter fan Pleatslik Belang Oranjewâld. De ferkears- en parkeardruk is no al heech as SC Hearrenfean spilet. Hy is benaud dat de situaasje mei in iisstadion derby ûnbehearsber wurdt foar Oranjewâld en de wenwyk Skoatterwâld.

Fierder is it net akseptabel dat de op- en ôfritten Oranjewâld op de A32 ferdwine. Dy miening is al ferskate kearen nei foaren brocht op it gemeentehûs, mar sûnder sukses. Doarpsbelang Oranjewâld sil beswieren yntsjinje tsjin it plan fan in nij Thialf as it safier komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)