Oranjepakketten fergees

07 jul 2010 - 20:58
  • It oranjepakket

By it boekemagazyn fan Steven Sterk op De Gordyk kinne freed Oranjepakketten ophelle wurde. Yn in oranje doaze sit it boek "De strafschop", in oranje sjaaltsje, in fluitsje en in doaske smynk. De pakketten binne fergees.

Der lizze tûzen pakketten klear en minsken meie maksimaal twa pakketten de persoan meinimme. De minsken fan it Foppe Fûns binne der ek. Sy freegje omtinken foar it doel fan it Foppe Fûns. De pakketten binne middeis tusken 3 en 5 oere ôf te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)