Oranjejild foar Fier Fryslân

25 maaie 2011 - 14:51

Opfangorganisaasje Fier Fryslân krijt 22.500 euro fan it Oranje Fonds foar it projekt Bijzondere Vriendschappen. Yn dat projekt wurde famkes dy't troch Fier Fryslân opfongen wurde, keppele oan ien dêr't se wat leuks mei dwaan kinne. Dan giet it om eefkes de stêd yn, in kop tee drinke of gewoan prate.

Doel is om de slachtoffers fan bygelyks earwraak of frouljushannel te helpen om har plak wer te finen yn de maatskippij. Mei it jild fan it fûns kin it projekt útwreide wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)