Oranjefûns rynsk foar Fryslân

01 maaie 2006 - 20:18

Fryslân hat ferline jier hast in miljoen euro krigen út it Oranjefûns. Dat fûns jout jild oan projekten dy't belutsenheid fan minsken mei elkoar fergrutsje. Der gong ferline jier ûnder oare jild nei buertsintra en doarpshuzen.

Fierder krige de Stifting wolwêzen âlderen yn Dongeradiel jild om mei in projekt foar buorrehelp te begjinnen. Mei elkoar krigen 88 projekten stipe fan it Oranjefûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)