Oranjefûns jout foar wolwêzen

27 maaie 2005 - 16:27

It Oranjefûns stipet foar goed ien miljoen euro tachtich projekten yn Fryslân. Dat is freed bekend makke op it Provinsjehûs. It binne foaral wolwêzens-projekten dy't jild krije. Sa krijt bygelyks de stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden 10.000 euro foar in nij jeugdhonk yn 'e Fryheidswyk.

Oare projekten binne ûnder mear Welzijn Smallingerland (270.000 euro foar wykfernijing) en it pjutteboartersplak Tsjerkwert/Parregea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)