Oranjefûns helpt De Haule

31 mrt 2014 - 16:13
  • Doarpshûs De Mande yn De Haule

De Mande yn De Haule krijt 15.000 euro fan it Oranje Fonds foar it opknappen fan it doarpshûs. De Mande is al fyftich jier it maatskiplik en kultureel sintrum fan it doarp. It doarpshûs is no oan in grutte ferbouwing en útwreiding ta.

Troch de ferbouwing kinne de ynwenners it gebou foar mear doelen brûke. It wurdt ek duorsumer. De ferbouwing kostet 250.000 euro. De gemeente en de provinsje hawwe al subsydzje tasein, krektlyk as guon bedriuwen en ynstânsjes. It wurk duorret fan maaie oant desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)