Oranjeferiening fan Snits sit yn finansjele noed

23 apr 2015 - 13:01
  • Oranjefeest yn Snits

It is noch mar de fraach oft de fiering fan Keningsdei yn Snits bliuwt sa't dy no is. De ynkomsten fan de organisearjende stichting rinne werom, wylst de kosten omheech gean. Der sil dêrom socht wurde moatte om mear jildsjitters. Dêrneist hat it bestjoer fan de feriening driuwend ferlet fan minsken. Slagget dat allegearre net, dan wurdt mooglik it programma fersobere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)