Oranjebûn: optredens stillizze

30 apr 2009 - 13:21

It bûn fan Oranjeferienings advisearret alle oranjeferienings fan Nederlân om de iepenbiere optredens op Keninginnedei te skrassen. Foarsitter Zonnebylle fan it bûn komt mei dit advys nei oanlieding fan de oanslach by de fiering fan Keninginnedei yn Apeldoarn.

By dy oanslach troch in auto dy't it publyk ynried kamen neffens Omroep Gelderland fjouwer minsken om it libben. Yn Apeldoarn is it programma doe fuortendaliks stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)