Oranje yn play-off finale

30 okt 2014 - 21:24
  • Keepster Loes Geurts fan it nasjonale frouljusalvetal

De fuotbalfroulju fan Oranje, mei dêryn Sherida Spitse fan Snits en keepster Loes Geurts fan Hichtum, hawwe tongersdei ek de twadde play-off wedstriid foar pleatsing op it wrâldkampioenskip 2015 wûn fan Skotlân. Dit kear wie Oranje mei 2-0 te sterk foar de Skotske froulju. De doelpunten kamen op namme fan Lieke Martens en Manon Melis.

Nei dizze beide oerwinningen meie de fuotbalfroulju it no yn de finale fan de play-offs opnimme tsjin Italië. Yn twa wedstriden wurdt útfochten wa't it lêste ticket foar it wrâldkampioenskip yn Kanada pakt.

Op 22 novimber begjint de earste finalewedstriid yn Den Haach tsjin Italië. De return folget op 26 of 27 novimber. It Nederlânsk frouljusalvetal hat noch nea meidien oan in WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)