Oranje-reade gloede boppe Moarre en Ljussens troch fjoer

01 jan 2015 - 04:55

Op kilometers ôfstân fan Moarre-Ljussens wie yn de nacht fan âld en nij de oranje-reade gloede te sjen fan it grutste nijjiersfjoer fan Fryslân. It nijjiersfjoer is in âlde tradysje yn it doarp en dit jier wie der foar it earst in hiele nije ploech jonges dy't de tradysje oernaam. Sy bouden in brânbult mei hout, takken en strie fan 30 meter breed, 60 meter lang en 4 oant 5 meter heech.

De jonges binne sels noch gjin 18, mar in mearderjierrige doarpsbewenner wie ree om de fergunning oan te freegjen en tafersjoch te hâlden.

Boargemaster Waanders fan Dongeradiel kaam foarôf persoanlik ek noch del om de bulte te ynspektearjen. Om likernôch kertier foar tolven waard de bult ûnder grutte belangstelling yn de brân stutsen. Takom jier wol de doarpsjeugd fan Moarre en Ljussens opnij in nijjiersfjoer hâlde, mar dan noch grutter as dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)