Oranje gelyk op De Harkema

09 okt 2014 - 22:57
  • De KNVB stelde in smook- en drankferbod yn op De Bosk

De Harkema wie tongersdeitejûn gasthear foar de KNVB. It Nederlânsk alvetal ûnder de 20 jier spile tsjin Turkije op sportpark de Bosk. Sa'n 200 taskôgers seagen hoe't de wedstriid einige yn 2-2. Op De Harkema moast it publyk him hâlde oan de regels dy't de KNVB betocht hie foar de wedstriid.

Sa mocht der om it fjild hinne net smookt wurde en ek in bierke ûnder de wedstriid, lykas men dat wend is, wie ferbean. De KNVB wol sa de jonge taskôgers en spilers dy't op it fjild steane it goede foarbyld jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)