Oranje-froulju spylje op it WK lyk yn lêste groepswedstryd

16 jun 2015 - 07:22
  • WK fuotbalfroulju

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe moandeitenacht op it WK fuotbal mei 1-1 lykspile tsjin it team fan Kanada. Ynfalster Kirsten van de Ven skeat Oranje flak foar tiid nei de 1-1 tsjin it gastlân.

Oranje is no mei fjouwer punten as tredde einige yn groep A. It team moat no ôfwachtsje as dat genôch is foar in plakje yn de achtste finales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)