Oranje Fonds stipet twa Fryske muzykprojekten

26 aug 2015 - 17:33

It Oranje Fonds stipet twa bysûndere muzykprojekten mei elk 50.000 euro. Yn de gemeente De Fryske Marren giet it jild nei it projekt De muzyk giet oer de Marren. Bern fan de basisskoallen út Balk en De Lemmer krije in fergese muzykles. Dirigint Thijs Oud fan Concordia út Balk hie noed oer de takomst fan de muzyk en frege help fan it Oranje Fonds.

Yn Súdwest-Fryslân wurdt de stipe brûkt foar it projekt Brêge bouwe mei muzyk. Yn dit projekt sitte keunstesintrum Atrium, muzykferienings út ferskate doarpen en toeristyske ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)