Opûnthâld boatferkear Akkrum

06 jun 2014 - 08:56

Boatsjefarders moatte de kommende tiid rekken hâlde mei opûnthâld op de steandemêstrûte yn en om Akkrum hinne. Neidat in skip begjin april tsjin de brêge by Ald Skou oanfoer, kin it brêgedek dêr net mear iepen. Boaten heger as 7,15 meter kinne dêrtroch net mear lâns dizze rûte en moatte gebrûk meitsje fan omfarrûtes ûnder oare fia Akkrum.

Ryskwettersteat ferwachtet hjir langere wachttiden en in tekoart oan oanlisfoarsjennings. It measte opûnthâld sil nei alle gedachten by de spoarbrêge by Akkrum ûntstean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)