Optrede op 'Lokaal Kabaal'

23 nov 2008 - 15:08
  • Poppoadium Romein yn Ljouwert

Lokaal Kabaal is it lokaal programma fan Poppoadium Romein yn Ljouwert op tongersdeitejûn. Meast spylje der lokale bands, mar somtiden is der in ôfsluter fan lanlik of ynternasjonaal nivo. Elke band út de regio kin him oanmelde foar Lokaal Kabaal. Der wurdt wol in seleksje makke.

Op eardere edysjes ha in soad bands har keunsten al fertoane kinnen, lykas Daily Bread, winner fan de Lytse Priis fan Fryslân 2008. Opjaan kin fia: programmering@poppodiumromein.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)