Optimisme op geitekeuring

15 aug 2009 - 13:37

It giet goed mei de lângeit, sa die sneon bliken op in jierlikse keuring op 'e Harkema. Sa'n twahûndert geiten en bokken waarden dêr troch strange saakkundigen keurd. Yn de jierren '50 wiene der noch mar tweintich lângeiten oer. It ras wie hast útstoarn. Hjoed de dei binne der lykwols alwer goed twatûzen ynskreaun by it stamboek.

Fryslân hat de measte fokkers. Yn ferbân mei bistesyktes lykas Q-koarts en tongblier hawwe sy wol te krijen mei hieltyd mear regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)