Optimisme oer kânsen Cambuur

13 jun 2001 - 00:00

Dielnimmers oan ús fuotbalpoule op ynternet binne optimistysk oer de kânsen fan Cambuur tsjin Sparta. 52,5% fan 'e dielnimmers ferwachtet winst foar de Ljouwerters yn Rotterdam. 32,5% hâldt it der op dat Sparta Cambuur ferslacht.

15% hâldt it op in gelyk spul. Yn dat gefal komt it oan op de lêste wedstriid, no snein tsjin Excelsior. Cambuur stiet yn doalsaldo ien goal achter Sparta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)