Optimaal yn gebou PZ Frjentsjer

25 okt 2005 - 16:55

Ien fan de âlde gebouwen fan it psychiatrysk sikehûs oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer is ferkocht oan de wenningstifting Optimaal út dyselde stêd. Dat seit makelder De Waard; Optimaal sels ûntkent noch.

It giet om ien fan de grutste panden fan it psychiatrysk sikehûs dy't de ôfrûne jierren te keap stean hawwe. Optimaal hat al earder bekend makke dat se tichter by har hierders stean wol. Dizze oankeap past by dy plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)