Optearbibleteek nij yn Fryslân

15 sep 2008 - 19:36
  • Der passe 400 boeken op in kante meter

In boekekast dy´t op te tearen is moat de bibleteek werombringe yn it Fryske bûtengebiet. Dêr is faak gjin romte foar in echte bibleteek, mar dizze optearbibleteek hat it foardiel dat er op tsjillen stiet en dus maklik oan ´e kant set wurde kin. Om´t er ek noch opteard wurde kin, nimt er mar ien kante meter yn beslach. Dochs passe der 400 boeken yn.

De optearbibleteek is te bestellen by Bibliotheek Service Fryslân dy´t it konsept betocht hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)