Opstopping op Drachtsterbrêge

04 jul 2014 - 11:11

Ferkear op de Drachtsterbrêge yn Ljouwert hat freed oan de ein fan de moarn/begjin fan de middei te krijen hân mei opûnthâld. Dêr wie in slachboom op it dak fan in frachtwein fan FrieslandCampina telâne kaam. Dêrtroch ûntstie in file. De plysje moast derby komme om it ferkear te regeljen. De Drachtsterbrêge wurdt fan ôfstân bestjinne op basis fan fideobylden.

Arriva en Qbuzz ha de bussen in skoft omride litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)