Opstjitsje op Saailân Ljouwert

30 jun 2013 - 12:49

De plysje hat sneontenacht in 18-jierrige Ljouwerter en twa manlju út Den Helder fan 20 en 21 oanhâlden op it Saailân yn Ljouwert. Ien fan de jonges hie in persoan slein en soe troch de plysjes meinaam wurde, doe't syn 21-jierrige maat him dermei begûn te bemuoien. Doe't er net ophâlde, besleat de plysje him ek oan te hâlden. De 18-jierrige Ljouwerter mocht ferfolgens ek mei nei it buro. Dy siet de plysjes te misledigjen. De trije sitte fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)