Opsternate man oppakt

05 mrt 2010 - 10:56

In 23-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden troch de plysje. Plysjes dy't ûndersyk diene nei in mishanneling waarden hindere troch in groepke mannen. Ien fan har reagearre net doe't de plysje him frege om fuort te gean. De plysje joech him in triuw, de man foel op de grûn en skold de plysjes út.

De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Der is prosesferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)