Opsternate Drachtsters oanhâlden

14 maaie 2015 - 14:41

In 28-jierrige man út Drachten is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn syn wenplak oanholden, omdat hy in frou lestich fallen hat. De fertochte rûn mei in 18-jierrige Drachtster op de Súdkade en foel in 19-jierrige frou út Drachten lestich. De frou joech de man dêrop in klap tsjin syn holle. De beide manlju naaiden dêrnei út, mar waarden letter oanhâlden. De 18-jierrige Drachtster waard ek oanholden foar iepenbier dronkenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)