Opsterlanners wurde net koarte

20 maaie 2005 - 13:54

De ynwenners fan Opsterlân sille hast neat fernimme fan de besunigingen dy't de gemeente trochfiere moat. Opsterlân krijt minder jild fan it ryk en moat dêrom suniger oan.

Boargemaster en wethâlders kieze derfoar om foaral op de eigen organisaasje te besparjen. It jild út de grûnferkeap wurdt bygelyks brûkt om in gat yn de begrutting ticht te meitsjen. De rie fan Opsterlân moat noch oer de foarstellen te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)