Opsterlands Belang wer grutste

19 mrt 2014 - 23:40
  • Gemeente Opsterlân

Opsterlands Belang is by de gemeenteriedsferkiezings yn Opsterlân op 'e nij de grutste partij. Mei 3651 stimmen komt de partij út op 6 sitten, in sit minder as yn 2010. It CDA komt út op 3 sitten, de PvdA op 4. Grutte winner is Betrokken, Anders en Samen dy't mei 1 sit yn de ried komt. Grutste ferliezer wie de PvdA mei 6 prosint.

ChristenUnie en VVD komme út op 2 sitten, D66 en Opsterlanders op 1 sit. De FNP helle mei 597 stimmen net genôch stipe foar in sit. De opkomst yn Opsterslân wie mei 59,4 prosint twa prosint heger as yn 2010.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)