Opsterlanders tsjin nij b. en w.

30 apr 2006 - 15:32

De nije politike partij Opsterlanders wiist is nije kolleezje fan Opsterlân ôf. De partij tinkt dat it kolleezje min útpakt foar de lokale demokrasy. Opsterlân krijt in kolleezje fan PvdA, Opsterlands Belang en CDA en is dêrmei in fuortsetting fan it âlde kolleezje.

Opsterlanders fielt him passeard en fynt it tige spitich dat it CDA op 'e nij diel útmakket fan it kolleezje. Mei it CDA krijt linkse polityk gjin kâns, sa seit Opsterlanders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)