Opsterlân wol ien bliuwe

22 mrt 2011 - 16:05

De gemeente Opsterlân wurdt net opdield, as it oan de gemeente sels leit. Der wurdt ûndersocht hoe grut de bestjoerskrêft is, mar de gemeente ferwachtet dat oantoand wurde sil dat Opsterlân 'takomstbestendich' is.

Uteinlik sil de gemeenteried bepale hokker kar makke wurdt. Opsterlân reagearret teloarsteld op it rapport fan de Kommisje fan Wizen. Dy seit dat Opsterlân yn trije parten opdield wurde moat tusken Hearrenfean, Smellingerlân en Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)