Opsterlân wach op planskea

06 des 2005 - 17:00

Opsterlân hâldt by nijbouplannen tenei mear rekken mei mooglike easken foar planskea. De lêste jierren hat de gemeente hieltyd faker mei klaims te krijen. Neffens Opsterlân kin dat derta liede dat nijbouplannen om finansjele redenen net fan de grûn komme, of dat se ienfâldiger hâlden wurde moatte.

Yn De Tynje moat 83.000 euro planskea útkeard wurde oan sân bewenners fan de Breewei. Dy tsjinnen in klaim yn fanwege huzebou achter har wenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)