Opsterlân ûndersiket proses weriepening Polderhoofdkanaal

21 okt 2015 - 16:54
  • It Polderhoofdkanaal

De rekkenkeamerkommisje fan de gemeente Opsterlân sil ûndersykje oft it kolleezje yn de kwestje mei it Polderhoofdkanaal wol genôch dien hat mei de oanbefellings fan de kommisje-Hermans.

Dy kommisje ûnder lieding fan Loek Hermans krige yn 2009 de opdracht om ynsichtlik te meitsjen hoe't it proses foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal oant dan ferrûn wie. De útkomsten fan it ûndersyk wiene bedoeld om te sjen oft de gemeente trochgean koe mei de weriepening fan it kanaal.

De rekkenkeamerkommisje begjint ein oktober mei it lêzen fan de stikken. Dêrnei wurde allerhande belutsenen heard. De kommisje wol it rapport begjin 2016 presintearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)