Opsterlân te set oer kanaal

23 okt 2005 - 16:22

De gemeenteried fan Opsterlân sil op moandei 7 novimber in beslút nimme oer it weriepenjen fan it Polderhoofdkanaal foar de rekreaasjefeart. It Polderhoofdkanaal rint fan De Feanhoop nei Nij Beets en soe Drachten ferbine mei de Opsterlânske Kompagnonsfeart.

Opsterlân moat meiinoar 1 miljoen euro stekke yn nije brêgen en oanlisplakken. De gemeente hopet dat de weriepening fan it kanaal soargje sil foar mear toeristen en wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)