Opsterlân stipet asylsikers

25 maaie 2004 - 00:00

Opsterlân lûkt 10.000 euro út om útprosedearre asylsikers troch de tiid te helpen. De Stichting Noodhulp op De Gordyk kin no in famylje helpe. Dy soe oars op strjitte set wurde. De ried jout al foar it twadde jier stipe.

It giet om minsken dy't neffens it COA útprosedearre binne en fan de rjochter it lân útset wurde meie. Neffens de stifting binne der juridyske flaters makke en is der nije ynformaasje sadat de minsken hjir noch bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)