Opsterlân stiet der goed foar

23 maaie 2006 - 14:15

De finansjele posysje fan de gemeente Opsterlân foar de perioade 2007 oant 2010 sjocht der goed út. De rinnende saken kinne útfierd wurde en der is romte foar nije plannen. Ek de lesten foar de boargers gean net omheech. Dat komt nei foaren yn de perspektyfnota fan B&W fan Opsterlân.

It is foar it earst sûnt jierren dat der gjin besunigingsfoarstellen dien wurde moatte. Neffens Opsterlân is dat in gefolch fan de ekonomyske opgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)