Opsterlân spilet Robin Hood

25 nov 2009 - 20:45

It iepenloftspul Opsterlân komt takom jier opnij mei in famyljefoarstelling. It giet om it stik 'Hoe no, Robin Hood?' dat skreaun is troch Bouke Oldenhof. Mei de famyljefoarstelling moat de groei yn it tal besikers trochsette. Dy begûn ferline jier mei it stik 'Ronja, de rôversdochter', dêr't ek in soad jongeren op ôf kamen.

Fanwege organisatoaryske problemen waard der dit jier gjin iepenloftspul brocht yn Opsterlân. Yntusken is der in nij bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)