Opsterlân sil fytspaden opknappe

16 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Opsterlân wol de kommende jierren ynvestearje yn fytspaden. Dit jier wurdt it fytspaad by de Feart yn Oerterp foar in dikke ton oanpakt. Ek wurde der plannen makke foar rekreative fytsrûtes by Olterterp, Beetstersweach, Oerterp en De Gordyk.

Fierder wol Opsterlân besykje om fytsstroken oan te lizzen by de Kromhoek en de Klauwertswei yn Fryskepeallen. De sinteraasje fan it fytsplan is noch net folslein rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)